Selecteer een pagina

Reguliere ûnderhâlds – beurt

Previntyf ûnderhâld oan jo auto is tige wichtich om der foar te soargjen dat jo auto jo net sitte lit.

Troch it op tiid de fêste eleminten te kontrolearlen en de nedige reparaasjes út te fieren, beheine jo de risiko ’s op ûnferwachte steuringen en mankeminten.

Door te investeren in regulier onderhoud, voorkomt u onnodig hoge reparatiekosten.

Earlike APK – keuring

​De Algemiene Periodyke Keuring (APK) is yn Europa in wettelik ferplichte keuring oan jo reau. De earste APK foar in benzine auto fynt plak nei 4 jier.

Auto’s útrist mei in dieselmotor moatte mei 3 jier foar it earst keurd wurde. Wannear jo hjir net oan foldogge dan riskearje jo in hege boete. Ferstandich dus om op tiid in APK oan te freegjen. By autobedriuw Wester binne der trije APK Keurmasters yn tsjinst. Wy keuro jo auto yn ús eigen wurkpleats, wêrtroch wy de keuring rêd en saakkundich foar jo útfiere kinne.

Hat jo auto in reparaasje fan nede, foardat dy goedkeurd wurde kin, dan wurdt dat earst altiten mei jo oerlein. Wy hantearje in earlike en transparante wurkwize.

Opspoaren en ophelpen fan eleltroanyske steuringen

In aparte tak fan sport yn ‘e autobranche is ektrotechnyk. It opspoaren en ophelpen fan elektroanyske steuringen kin hiel yngewikkeld wêze. Jacob Wester, de eigner fan autobedriuw Wester is folslein oplaat as elektrotechnikus.

Dizze wiidfiemjende kennis jout ús de mooglikheid hast elke steuring oanhâldend op te spoaren en op te lossen. Omdat wy ús kennis oanhâldend by – de – tiid bringe, witte wy ek alles fan de elektroanika fan de nijste auto ’s fan hjoed – de – dei.

It meast foarkommende wurk

  • Regulier ûnderhâldswurk neffens fabryks – foarskrift
  • Balansjearjen fan de tsjillen
  • Tsjilútlynjing kontrolearje en ferbetterje
  • Utlêzen fan de elektroanika fan jo reau
  • Opspoaren en ophelpen fan elektroanyske steuringen
  • APK
  • Skaadophelpwurk

Dêrneist sette wy noch folle mear wurk oan jo auto út ‘e wei. Hawwe jo spesiale winsken of fragen ? Nim rêstich kontakt mei ús op om de mooglikheden troch te nimmen.

Jo kinne ús tariven hjir fine

Kies in taal:

Autobedriuw Wester

Adres:
Hizzaarderlaan 14
8823 SJ Lollum
Telefoan: 0517 – 46 91 45
Whatsapp: 06-51653685

Iepeningstiden:
Moandei oant Freed
8.00u – 17.00 oere
Sneons op ôfspraak

Folgje ús!

Share This